Sanne Wevers pleatst har foar balke-finale

08 aug 2016 - 06:35

Sanne Wevers fan Sportstêd Hearrenfean hat har sneintejûn pleatst foar de balke-finale. Mei in skoare fan 15.066 hat se har as fjirde pleatst foar de finale. De turnster, berne yn Ljouwert en opgroeid yn Oldenzaal, turne in knappe en sa goed as flaterfrije oefening op de balke.

It Nederlânske team ûnder lieding fan bûnscoach Gerben Wiersma fan Grou pleatse har foar de teamfinale. As achtste en lêste geane se troch nei de finale. Lieke Wevers (12e) en Eythora Thorsdottir (8e) ha de mearkampfinale helle.

De teamfinale is dizze tiisdei. De mearkampfinale is 11 augustus. 15 augustus is de finale foar Sanne Wevers op balke.

Sanne Wevers wie tefreden oer har oefening: "Er zijn wel verbeterpuntjes. Zo heb ik in de moeilijkheid drie punten laten liggen. Maar ik ben heel tevreden. Het is fantastisch hoe we met het team gepresteerd hebben. Wat er ook gebeurt, we kunnen onszelf niets verwijten."

Bûnscoach Gerben Wiersma wie tige bliid mei de prestaasjes fan syn team: "Ik ben supertrots, we zijn gewoon een top 8-land. Het is weergaloos om op het hoogste podium een prestatie als deze te flikken."

Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op omropfryslan.nl/os of op de Omrop-app.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)