Peins wint generale foar de Freule

Peins hat snein yn Frjentsjer de generale foar de Freule wûn. Ut in list fan 46 partoeren fersloegen de keatsers Wessel van Wier, Jolt Vollema en Roel Pieter de Jong Seisbierrum–Pitersbierrum (Durk Ennema, Alwin Boschma, Folkert Bakker) mei 5-1 en 6-0. Peins is njonken Berltsum en Menaam ien fan de grutste kânshawwers om de 114e edysje fan de Freulepartij foar jonges te winnen. Der stean takom woansdei yn Wommels 49 partueren op 'e list en dat is ien minder as ferline jier.
Yn Frjentsjer wie ferrassend de tredde priis foar Boalsert.