Wethâlders Kollumerlân gean del by kempings en B&B's

07 aug 2016 - 21:19

Wethâlders Jan Benedictus en Jelle Boerema hawwe op wurkbesite west by ferskate kempings en bêd en brochjes yn 'e gemeente Kollumerlân. Se wolle sa sjen hoe't it stiet mei it toerisme, en mei de ûndernimmers beprate wat better kin.

In kempingeigener wol bygelyks bettere buorden dy't nei syn kemping ta liede. Dat kin maklik regele wurde, neffens de wethâlders. Fierders wol in bêd en brochje graach útwreidzje. De eigeneresse fynt it handich dat de wethâlders delkomme. Dan kin se dúdliker har plan útlizze en sjen litte wat se wol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)