Willem Huizing oer giele kaart: "Hy spile toaniel"

"Ik bleau heakjen achter de bal, en doe ferlear ik him. Yn in reaksje pak ik syn shirt en hy is tûk genôch om te fallen." Dat sei Willem Huizing oer syn twadde giele kaart yn de wedstriid fan snein tsjin AZ. Neffens Huizing wie de earste giele kaart ek net terjochte: 'Ik gie echt foar de bal en rekke de bal ek. Hy spile toaniel." Huizing moast nei twa kear giel fan it fjild en Hearrenfean spile mei tsien man fierder. Nije oanwinst Stijn Schaars makke de 2-2-lykmakker.
Trainer Streppel is tefreden, mar fynt dat de duelkrêft better kin.