Nije oanwinst Schaars makket lykmakker Hearrenfean tsjin AZ

07 aug 2016 - 16:34

SC Hearrenfean spile snein yn Alkmaar 2-2 tsjin AZ. It wie in wedstriid der't in soad yn barde, Hearenfean sette daliks yn it begjin in soad druk. Dochs wie it AZ-spiler Hendriksen dy't as earste skoarde. Flak foar rêst makke Zeneli de lykmakker foar SC Hearrenfean.

Yn de twadde helte sette Weghorst de skoare foar AZ wer op foarsprong (2-1). Willem Huizing moast yn de 70e minút fan it fjild nei twa kear in giele kaart. Dochs slagge it Hearrenfean mei tsien man de lykmakker te meitsjen. Debutant Stijn Schaars makke it doelpunt: 2-2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)