Tydlike fytstunnel Sânhústerwei ticht fanwege Sintrale As

By it wurk oan de Sintrale As wiene problemen mei it útbeteljen © Omrop Fryslân, Robea Kleisma
It tydlike fytspaad by de Sânhústerwei tusken Noardburgum en Feanwâlden is fan moandei ôf ticht. De oannimmer is dêr dwaande om de nije tunnel ûnder de Sintrale As troch ôf te meitsjen. It fytspaad wurdt fuorthelle en kin net mear brûkt wurde. Fytsers moatte omride oer de Wâldwei by Feanwâlden. Op moandei 29 augustus giet de nije fytsbrêge fan de Westersingel by Noardburgum iepen.
By de Sânhústerweitunnel ûnder de Sintrale As troch wurde no de oanslutingen asfaltearre. It is noch net bekend wannear't de tunnel iepengiet foar ferkear.