Waadeilannen hawwe ferlet fan personiel

08 aug 2016 - 06:00

De drokte op de Waadeilannen soarget foar in personielstekoart. Dat docht bliken út in belrûntsje fan Omrop Fryslân by de VVV's del. De VVV's sjogge it oantal toeristen sûnt 2010 hieltyd mear wurden en dêr binne se fansels bliid mei.

Cinto Prosperi fan de VVV op It Amelân tinkt boppedat dat de toeristen dit jier mear jild útjouwe as oars: "Dat betekent dat de terrassen nog voller zitten en er meer mensen nodig zijn." Mar it is dreech om oan goed personiel te kommen, der is benammen ferlet fan goede koks.

By strânpaviljoen Sjoerd yn Nes sykje se in kok. "Het is hard doorwerken voor de koks nu en als er iemand uitvalt, hebben we een probleem,'' fertelt eigener Floris Oud. Dêrtroch kinne se minder gerjochten op de kaart sette. Neffens Gwendolyn Tideman fan Sjoerd is de húsfêsting benammen it probleem. Minsken dy't in fêste oanstelling hawwe, wolle net fiif of seis jier yn in caravan wenje. Op It Amelân is krapte oan hierhuzen, en keaphuzen binne djoer.  Dat seit ek Martine Wildervank fan restaurant Koaikers Huus yn Buren. Sy fynt it ek dreech om personiel te finen. "Het wordt steeds drukker waardoor er nog meer personeel nodig is. Maar deze mensen moeten ook ergens worden ondergebracht en dat wordt steeds lastiger.'' 

Waadeilannen tige populêr

De VVV's fan Flylân, Skylge, It Amelân en Skiermûntseach litte witte dat hast alles op de eilannen folboekt is. Der binne noch wol in pear plakjes frij yn in hotel of op in camping. Allinnich op It Amelân binne der dit jier oant no ta wat minder deitoeristen troch de minne maitiid. De oare eilannen sizze hjir gjin lêst fan te hawwen. Rederij Doeksen dy't nei Flylân en Skylge fart, hat de yndruk dat se it dit jier krekt wat drokker hawwe as foarich jier.
 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)