Skea-skûtsjes Akkrum en De Jouwer dogge moandei wer mei

07 aug 2016 - 11:07

De skûtsjes fan Akkrum en De Jouwer binne beide moandei wer klear om mei te dwaan by Wâldsein. Yn de slotfaze fan de wedstriid fan sneon rûnen beide skippen flinke averij op, neidat De Jouwer yn botsing kaam mei Akkrum. By it skûtsje fan Akkrum moatte ûnderdielen fan it touwurk en de seilen ferfongen wurde. Mooglik moat der ek in oare gyk komme, mar dy is op foarried. De skea oan it izerwurk kin letter ferholpen wurde.

It skûtsje fan de Jouwer rekke by de oanfarring lek en wurdt op de werf yn Snits wer makke.

It plaatwurk fan de foarsteven moat fernijd wurde; dêr siet in gat yn, sa'n 20 sintimeter boppe it wetter. It skûtsje wie dan ek al flink fol wetter rûn. By de oanfarring rekke de adviseur Appie Boorsma fan Akkrum ferwûne. Ek hy liket op tiid wer klear te wêzen foar de silerij fan moarn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)