Steenbergen docht mei yn estafette-finale

Marrit Steenbergen docht fannacht mei oan de finale fan de 4x100 meter estafette. De 16-jierrige swimster fan Easterwâlde die it yn de searjes mei de bêste tiid sa goed, dat se no de foarkar krijt boppe Maud van der Meer. De oare Nederlânners binne Ranomi Kromowidjojo, Femke Heemskerk en Inge Dekker.
Sneontenacht om 04.24 oere is de finale. Australië is favoryt foar de winst. Nederlân makket kâns op in medalje.
Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op omropfryslan.nl/os of op de omropapp.