Brânwacht helpt boat yn need op Langwarder Wielen
De brânwacht fan Langwar moast sneon yn aksje komme foar in boat yn need. Dat wie op de Langwarder Wielen. Der kaam wetter yn de boat.
De brânwacht hat de boat foar reparaasje nei de helling brocht. It wetter om it skip hinne is fersmoarge rekke. De brânwacht hat it oprêden.