Plysje pakt fertochten mei spesjale dieve-gastank

De spesjale gastank © Politie Oost-Fryslân
De plysje hat freed trije minsken op de A7 by Hoogkerk oanhâlden dy't fertocht wurde fan winkelstellerij yn Haulerwyk. De fertochten waarden dêr by in drogisterij betrape doe't se parfum stelle woene. De fertochten naaiden út, mar koene op de A7 oanhâlden wurde.
Yn de auto siet in losse gastank mei in gat deryn, mooglik waard dizze romte brûkt om stellen guod yn te ferbergjen. Ek waard der in spesjale tas fûn dêr't stellen guod yn meinommen wurde kin. De plysje hat de trije fertochten oanhâlden foar poging ta stellerij.