Njoggen oanhâldings yn earste Snitswike-nacht

06 aug 2016 - 12:38

De plysje hat yn de earste nacht fan de Snitswike njoggen minsken oanhâlden foar saken as wyldpisjen, mislediging, mishanneling en fernieling fan in rút. In 17-jierrige jonge út Littenseradiel waard oanhâlden doe't hy op de merke mei in falsk briefke fan 50 euro betelje woe. In 17-jierrige Ljouwerter sit noch fêst foar it mishanneljen fan in 24-jierrige stedsgenoat. In 22-jierrige Ljouwerter mei tefolle drank op fernielde in rút yn it sintrum.

De plysje warskôget besikers fan de Snitswike ek om goed út te sjen foar bûsehifkers.

Trefwurden: 
Snitswike oanhâldings
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)