Aldeberkeap iepenet it "Appie Tjalma plein"

06 aug 2016 - 12:33

It nije doarpsplein yn Aldeberkeap hat de namme "Appie Tjalma plein" krigen. Appie Tjalma wie fan 1949 oant en mei 1977 útbater fan 'Het Wapen van Ooststellingwerf'. Tjalma stie ek bekend as entertainer en pianist en hy wie ek ien fan de oprjochters fan de âldjiersferiening 'De Geitefok'.

Earder hie it doarpsplein yn Aldeberkeap gjin namme en dêrom mochten besikers fan de streekmerk in namme betinke. It plein is de ôfrune wiken hielendal opknapt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)