Dyk Noarderleech trochstekke

02 maaie 2012 - 16:03

Yn in part fan it Noarderleech by Marrum krijt de see aanst wer frij spul. It Fryske Gea hat de earste plannen dêrfoar woansdei bekend makke. De simmerdyk wurdt trochstutsen sadat 400 bunder grûn yn in polder ûnderrinne kin. Dat hat grutte gefolgen foar de greidefûgels yn it gebiet. Om't de natoer feroaret, lûke dy aanst fuort.

Belutsen pachtboeren begripe neat fan de plannen. De ôfrûne jierren is krekt bot ynset op it behâld fan de greidefûgels yn it Noarderleech.

De pachtboeren hawwe ek noed oer de eigen bedriuwsfiering. Dy sil bot feroarje om't se yn it gebiet skielk gjin dong mear útride meie. Fierders is der minder romte en tiid om it fee te weidzjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)