Keatsmuseum yn Frjentsjer iepenet op 2 septimber de doarren

06 aug 2016 - 10:05
It keatsmuseum komt oan de Foarstrjitte yn Frjentsjer - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

It nije keatsmuseum yn Frjentsjer giet op 2 septimber iepen. It museum ferhuzet nei it eardere bankgebou oan de Foarrstrjitte, tichtby it Sjûkelân. It soe ferline jier foar de PC iepene wurde, mar dy datum is net helle. It museum wurdt moderner en ynteraktiver en der gie mear tiid yn sitten as earder tocht waard.

Sûnt novimber ferline jier sit it bûnsburo fan it keatsbûn KNKB tichtby it nije museum. It bûnsburo ferhuze ferline jier fan It Hearrenfean nei Frjentsjer, om sa makliker kontakt te hâlden mei it museum.

(advertinsje)
(advertinsje)