Kollum: "Wettersport"

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.
"It hiele foarjier en begjin fan de simmer siet ik wat mei in ûnbestimd gefoel oer de mar te sjen. Oan de iene kant wol moai, want der is hast net in boatsje te sjen; oan de oare kant ken ik in hiel soad lju dy’t boatsjes bouwe, meitsje, ferhiere of ferkeapje. En dy ha dus minder te dwaan. De grutten falle fuort net om, mar de lytskes ha der wol lêst fan.
Wettersport is wat feroare. Eartiids hienen je grutte kloften bern dy’t nei de sylskoalle giene. En dan hâldst altyd in persintaazje oer dat de wettersport letter ek belibjen giet. Wy waarden yn ús jeugd meinaam op de boat fan heit en mem, en stapten dan ek hiel maklik ús eigen wettersportbelibbing yn. Mar blykber hat ús generaasje it dochs wat lizze litten op dat mêd, want ús bern gienen net mear mei, der wiene in hiel soad oare dingen te belibjen.
Boppedat alles feroaret. Ik kin hast gjin minsken mear dy’t foar in dei in bm-erke of polyfalkje hiere. It is yn dizze hastige tiid blykber te folle gedoch. Dêr komt by dat we in soad jierren hân ha mei min waar. Of nee, net min waar, oar waar. De buien kletse deryn. Der wurdst as wettersporter foar in dei silen wat skruten fan. En dan ek noch dagen dat der hielendal gjin wyn is, of in hiel lyts bytsje. No ja de SKS-skûtsjes ha de earste trije dagen sjen litten datst dan wûndere avontoeren belibje kinst. Dan is der neat oan. En as der tefolle wyn is, hast it net mear yn de hân.
Ek de massale ferkeap fan elektryske fytsen bringt de minsken op in oar paad. Je kin yn it wettergebiet fan Fryslân fantastysk fytse, en dan oer dat lege wetter útsjen. En der komt by dat fjirtjin dagen Turkije aardich goedkeaper binne as it hieren fan in boat yn in wykein.
Sa sil der noch wol wat mear saken wurkje. En dan witst ek dat de Fryske wettersportûndernimmers de finger omheech stekke: jonges we moatte wat dwaan. Se binne foar it oare noch posityf hear, want harren stribjen is: hoe krije we de minsken wer yn in boat. Kinst ek ophâlde. Of mobile tillefoans ferkeapje. Nee. se sizze at wy de holle boppe wetter hâlde wolle, dan moat we minsken op dat wetter krije. En se ha mei syn allen besluten dat Martin Cnossen dat regelje moat. Do moatst minsken nei Fryslân lûke dan komt der fansels ek in part fan op it wetter En dat moat Merk Fryslân fan Cnossen dus dwaan. En ferdomd se ha gelyk. We lêze ynienen dat de Tsjechen de grutste ynkommers binne op de boatemerk. In merk dy’t wat feroaret, fan âlderwetse lytse sylboatsjes, nei grouwélich grutte krusers, dy’t troch trije gesinnen tagelyk hierd wurde. Of troch seis Dútse manlju en in frou. Of troch twa kreaze jonkjes, dy farre dan om de hoeke, dêr stean 18 maten mei fyftich kratten bier. Mar dy Tsjechen, dêr hiene we hielendal gjin rekken mei hâlden. Neffens my hat Fryslân himsels presintearre oant yn Sina en Japan ta, mar ha se Tsjechië altyd oerslein. En dy ferslaan no de Belgen. En de eigen Nederlanners. As we de Nederlanners werom krigen; de Dútsers binne hjir toch net wei te krijen; we hâlde de Tsjechen en we meitsje noch wat reklame yn België en Japan (al sjoch ik nea in Japanner of in Sinees yn in boatsje, dy stean âlde dingen yn Ljouwert te fotografearjen) mar as we dy oaren hawwe, dan bliuwt de wettersport wol op peil.
Want dy hat noch neat ferlern hear. In hiel soad bedriuwen sizze ek wol: wy rêde ús wol. Dy ferkeapje wat fan hun spul, en keapje wat grutters en lúksers yn. En de jeugd fart deryn of mei allegear grouwélige monsters, âlde selsopboude fertoaningen; no ja, der moatte altyd moters yn of by.
Ien andert ha‘k noch net. Hoe krije we de Nederlanner of better de Fries wer yn syn eigen boatsje. Dy hat it skipke wat se hienen ynruile foar in elektryske fyts. Dan moat dat mar in elektryske wetterfyts wurde.