Starum gjin offisjeel trouplak

02 maaie 2012 - 15:52

Protestearje tsjin de opheffing fan it âlde stedshûs fan Starum as offisjele troulokaasje hat gjin doel. Dat seit boargemaster Apotheker fan Súdwest-Fryslân. By de ferkeap fan it gebou is ôfpraat dat it stedhûs fyftjin jier lang offisjeel trouplak bliuwt. Dêr binne no tsien fan om. Fanwege it lege tal trouwerijen - fiif yn it jier - en de kosten wol de gemeente der no al mei ophâlde.

Trouwe op it stedhûs fan Starum bliuwt noch wol mooglik, mar dan moatte minsken dat sels mei de útbater ôfprate. De trou-amtner komt dan ek del.

De Starumers fersette harren tsjin it beslút om de offisjele status der no al ôf te heljen.

Trefwurden: 
Starum trouplak
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)