Cambuur iepenet seizoen mei ferlies by VVV Venlo: 2-1

05 aug 2016 - 22:07

Cambuur hat de earste wedstriid fan it nije seizoen yn de Jupilerleague mei 2-1 ferlern fan VVV Venlo. Doelpuntemakkers wiene Sander van de Streek (0-1), Vito van Crooij (1-1) en Ralf Seuntjens (2-1).

Yn de earste helte yn stadion De Koel yn Venlo wiene der kânsen foar beide ploegen. Yn de 25e minút wie it Sander van de Streek dy't de skoare iepene: hy skopte in corner fan Ninos Gouriye binnen.

Dy foarsprong duorre lykwols net lang: trije minuten letter slagge Cambuur der net yn om in corner fan VVV fuort te wurkjen en skoarde Vito van Crooij yn de kluts: 1-1.

Nei rêst wie it Cambuur dat mei in soad balbesit besocht om troch de Limburchske ferdigening te brekken, mar dat slagge net.

VVV waard hieltyd gefaarliker en in pear kear kaam Cambuur der goed foar wei: in skot op de peal fan Jerold Promes en in kopbal fan Vito van Crooij dy't mar krekt neist it doel fan keeper Leonard Nienhuis bedarre.

Yn de 82e minút foel de beslissing: Ralf Seuntjens reagearre alert op in ôffallende bal yn it strafskopgebiet fan Cambuur: 2-1. It skot folge op in dubieuze frije traap foar VVV. Djavan Anderson fan Cambuur soe hands makke hawwe.

Yn de slotfaze besocht Cambuur noch druk te setten, mar nettsjinsteande in knap skot fan Martijn Barto slagge it de Ljouwerters net mear om te skoaren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)