FIDEO: unyk tegeltablo makke yn Harns
1250 Tegeltsjes fan 13 by 13. Mei de hân bakt, glazuere en beskildere. Oer in breedte fan 10 meter en in hichte fan twa-en-in-heale meter. It is in unyk tablo, mei in skildering fan in wynkastiel yn Georgië. En it is makke yn Harns. Nije wike giet it op transport, mar no kin it hjir noch besjoen wurde.