Eask heger berop oerfal snackbar: fjouwer jier sel

Frouwe Justitia © Omrop Fryslân
It Iepenbier Ministearje yn Grins hat yn heger berop fjouwer jier sel easke tsjin in 22-jierrige man út Ljouwert. De Fries waard foar in oerfal op in snackbar yn Grins earder al feroardiele ta trije jier sel. In oare fertochte út Usquert krige destiids oardel jier selstraf oplein. Tsjin dit fonnis waard heger berop ynsteld. De beide mannen brûkten in masker by de oerfal en drigen mei in mes. Se namen 460 euro mei. Nei in anonime tip en fia whatsapp-berjochten binne de fertochten oanholden. Se sieten op dat stuit al yn de finzenis.
In ûndercover-agint hat himsels in skoftsje opslute litten, om ynformaasje frij te krijen fan de beide manlju. De útspraak is oer twa wiken.