Rapport: Skyn fan belangeferfrisseling by Alliade

05 aug 2016 - 13:04

Troch kontrakten te sluten mei de Freya Groep hat soarchgroep Alliade op It Hearrenfean de ''schijn van belangenverstrengeling'' tsjin him krigen. Dat is net winsklik foar in organisaasje mei in publike taak. Dat skriuwe de Inspectie voor Gezondheidszorg en de Nederlandse Zorgautoriteit yn in rapport, nei oanlieding fan de kwestje.

Twa direkteuren fan de Freya Groep wiene ek bestjoerder by Alliade. Troch kontrakten mei de Freya Groep te sluten hat Alliade de soarchbrede governancekoade oant 1 jannewaris 2014 net neilibbe.

Maatregels

De direkteuren ha gjin finansjeel gewin hân mei dizze konstruksje. De IGZ en NZa ha gjin ûnterjochte soarchdeklaraasjes fûn en der wiene ek gjin problemen mei de soarch sels. It trochferwizen fan kliïnten gie fia de regels fan de NZa. Alliade hat maatregels naam om soksoarte kwestjes tenei foar te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)