''Sport is krekt it libben, alles sit deryn''

05 aug 2016 - 17:06

Nederlân stjoert 242 sporters nei de Olympyske Spelen yn Rio de Janeiro. By dat team sitte ek in pear Fryske toppers. Nim no Marit Bouwmeester en Epke Zonderland, beide kânshawwers foar in medalje. Ferslachjouwer Roelof de Vries folget de kommende wiken de prestaasjes fan de sporters op ‘e foet. Wy lizze Roelof seis fragen foar.

Wat meitsje de Olympyske Spelen sa spesjaal foar dy?
“De Spelen binne foar hast alle sporters it heechste wat sy helje kinne. In pykmomint ien kear yn de fjouwer jier. It is sa ymposant om dy sporters te folgjen en te sjen wat sy der foar dwaan moatte. Hurd wurkje, net in soad fertsjinje en dat alles foar in medalje. Dêrneist binne dy emoasjes sa moai om te sjen. Fertriet en blydskip lizze ticht byinoar by de Spelen. Dy emoasjes dêr gean ik hielendal yn mei. Sport is krekt it libben, alles sit deryn. Mar no wurd ik wol hiel filosofysk.”

In soad wedstriden fine jûns en nachts plak, wannear slepst?
“Net, haha. Myn frou kaam fan 'e wike thús en sei: “It is echt ferskriklik. Ik hearde krekt min nijs op de radio. De NOS stjoert wilens de Spelen achttjin oeren op ‘e dei sport út.” Machtich dochs? Ik sil in soad jûnen oant in oere as 5.00 oere opbliuwe. Dan meitsje ik direkt wat foar yn ‘Fryslân fan ‘e moarn’. Middeis bin ik te hearren yn ‘Weistra op wei’. En wannear’t der in Nederlânske medalje helle wurdt, dan brek ik yn op de radio. Fierder kinne minsken in live-blog folgje op Omropfryslan.nl/os, dêr hâld ik elkenien op ‘e hichte fan de prestaasjes. Alles fan myn bank ôf. En myn frou sit der dan faak wol neist hear, want dy fynt de Spelen ek moai. En by Dafne Schippers meitsje ik har wekker. Dat wurdt aanst histoarysk. Dat moast sjen!”

Nei hokker wedstriid sjochst it measte út en wêrom?
“Ik gun Marit Bouwmeester en Pieter-Jan Postma hiel bot sukses. Harren karriêren rinne in bytsje gelyk mei dy fan my. En dan bedoel ik net myn sportkarriêre. Mar doe’t ik by de Omrop kaam, begûnen sy mei harren sportlibben. Dan bouwe je dochs in bân op. Pieter-Jan hat fjouwer jier lyn safolle ûngelok hân mei in fjirde plak en Marit wurket sa hurd foar dat iene doel: goud.

Mar frjemd genôch haw ik eins nocht yn alle sporten. Oars seach ik nea nei it hânbôgesjitten, mar dat is sá spannend. Hânbal is ek hiel ‘cool’, atletyk is moai, BMX is fet, hurdfytsen fyn ik altyd moai, judo is technysk mar moai, beachfollybal op de Copacabana. Och, ik kin wol efkes trochgean. De iennige sport dêr’t ik neat mei haw is dressuer.”

Hoe soargesto datsto op ‘e hichte bist fan alles en hâldst sels ek kontakt mei de sporters?
“Wilens de Spelen haw ik gjin kontakt mear mei de sporters. Dy slute harrensels ôf en libje hiel ientoanich. Alles is fokusse op de sport. Mei famylje, freonen en trainers dy’t yn Rio binne haw ik wol kontakt. Fansels hie ik leaver yn Rio west. Acht jier lyn haw ik der al ris west en der is gjin stêd sa as Rio. Mei de strannen en favelas.”

Hokker Fries soarget neffens dy foar in ferrassing dizze Olympyske Spelen?
“Pieter-Jan Postma! Dy sylt se aanst allegearre fuort en wint goud, haha. De winsk is de heit fan de gedachte dochs? Hy is net favoryt foar goud hear, mar as ik in namme neame moat is it Postma. Fierder bin ik hiel nijsgjirrich nei Marrit Steenbergen. Noch mar 16 jier mar sa’n talint. Ik meitsje my wol soargen oer Epke, ik bin bang dat hy net fit genôch is.”

Hoefolle medaljes geane mei werom nei Nederlân en wa nimme dy mei?
“26. Dat soe ien mear wêze as yn 2000 yn Sydney en dat is noch altyd in rekôr. Wy hawwe Dafne Schippers, Niek Kimmann, de springruters, Tom Dumoulin, Marit Bouwmeester, Sifan Hassan, Epke, Ranomi Kromowidjojo, Femke Heemskerk, estafette swimme, Dorian van Rijsselberghe, Henk Grol, Kim Polling, Laura Smulders, Marianne Vos, Anna van der Breggen, Ellen van Dijk, Ferry Weertman, Sharon van Rouwendaal, beachfollyballers, hockey, hânbal. Och man, wy hawwe safolle medaljekânshawwers.”

Mis neat fan de Olympyske Spelen: folgje ús liveblog en al it nijs op Omropfryslan.nl/os of op de Omrop-app.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)