Skiermûntseach fiert dat it 150 jier badplak is

05 aug 2016 - 07:22

Skiermûntseach fiert sneon dat it al 150 jier in badplak is. Der wurdt op it eilân grut útpakt mei in strânfeest foar sawol de eilanners as foar toeristen. It strân by peal 3 wurdt omtovere ta festivalterrein, mei shows, sânskulptueren, muzyk en iten. Jûns is der live muzyk en it strânfeest wurdt ôfsletten mei in fjoerwurkshow.

Der is keazen foar 6 augustus as datum foar it jubileumfeest, om't der yn dizze tiid in protte fakânsjegongers op it eilân binne. De organisaasje wol it feestje dan ek graach mei de toeristen fiere.

Trefwurden: 
Skiermûntseach badplak
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)