It Griene Nêst hâldt op mei it kennissintrum

04 aug 2016 - 20:10

It Griene Nêst yn Sumar hâldt yn 2017 op mei it kennissintrum foar Fryske rassen. Se dogge dat om't se te min jild binnen krije. Sa is de subsydzje stopset en binne der ek gjin kliïnten mear dy't it ûnderhâld fan de tún en de bisten op harren nimme kinne. It Griene Nêst hat mear as tsien jier wurke oan it kennissintrum foar Fryske rassen. De Stichting It Griene Nêst wurdt net definityf opheft, mar bliuwt 'sliepende'.

De namme It Griene Nêst sil ferbûn bliuwe oan de lokaasje oan de Boswei yn Sumar. Hjir sitte noch in tal ûndernimmings lykas in fruitkwekerij, in teeskinkerij en in grientekwekerij.

Trefwurden: 
It Griene nêst Sumar
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)