Ungelok by Hurdegaryp soarget foar fertraging

Ungelok by Hurdegaryp © Anton Kappers Media
Krekt foar it spoar by Hurdegaryp út de rjochting Ljouwert hat tongersdeitejûn in ûngelok plakfûn dêr't trije auto's by belutsen wiene. Der waard ek in ambulânse oproppen. It is net dúdlik oft der minsken ferwûne rekke binne. Ien rydbaan waard tydlik ôfsletten yn ferbân mei it ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.