Ierdferskowing by it haadklassekeatsen

04 aug 2016 - 18:43

Der wie tongersdei, de dei nei de PC, in ierdferskowing by it haadklassekeatsen. Neidat bekend wurden is dat Tjisse Steenstra fan takom seizoen ôf keatse sil mei Gert-Anne van der Bos en Taeke Triemstra folgen der tongersdei mear wizigings yn it keatspeloton. Alle Jan Anema sil keatse mei Bauke Triemstra en Patrick Scheepstra. Dylan Drent stapt yn 2017 yn in partoer mei Marten Bergsma en PC-kening Hans Wassenaar. Renze Pieter Hiemstra keatst fierder mei Hendrik Kootstra en Jelte Pieter Dijkstra.

Menno van Zwieten wurdt opslagger by Hylke Bruinsma en Erwin Zijlstra. Enno Kingma en Jouke Bosje hawwe har formearre mei Pier Piersma. Opslagger Johan van der Meulen is de klos. Hy hat foar de earste searje yn 2017 gjin maten.

Trefwurden: 
keatsen haadklasse
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)