Frou ferwûne by ûngelok yn Lekkum

04 aug 2016 - 17:22

Op de krusing fan de Lekkumerwei mei de Bouwedyk yn Lekkum hat tongersdei in oanriding west tusken in auto en in fyts. In 53-jierrige frou út Oentsjerk ried oer it fytspaad by de Lekkumerdyk en kaam yn botsing mei de auto fan in 66-jierrige man, dy't fan de Bouwedyk kaam. De frou út Oentsjerk is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert.

Trefwurden: 
ûngelok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)