Publyksaksjes foar better pensjoen brânwacht

De brânwacht fan Ljouwert hat in publyksfreonlike aksje hâlden yn it sintrum fan de stêd. It doel fan de aksje is om in bettere pensjoenregeling te krijen. Der hawwe de lêste tiid al mear aksjes west fan de brânwacht, sa hat boargemaster Crone bygelyks al in petysje oanbean krigen. No hat de brânwacht foar it earst in publyksaksje dien. Der waard ûnder oare oan foarbygongers útlein wat it wurk ynhâldt en bern koene mei in brânslang spuitsje.
Neffens Alfred Mantinga fan de brânwacht yn Ljouwert wurdt der kontakt lein mei it winkeljend publyk, sadat se mear begryp foar harren wurk krije.