Megabaggerklus yn natuerpark Alde Feanen

Der wurdt sûnt fan 'e wike wer baggere yn de Alde Feanen. It wurk lei in pear moanne stil troch it briedseizoen. It giet om in megaklus dy't yn totaal fiif jier duorret en 2,5 miljoen euro kostet. Yn 2018 moat it klear wêze. It slyk wurdt troch in skip fan de boaiem sûgd en mei in acht kilometer lang stelsel fan buizen komt it dan úteinlik yn in baggerdepot by Aldegea. It útbaggerjen fan de Alde Feanen is nedich om derfoar te soargjen dat it wetter goed befarber bliuwt, mar ek om de wetterkwaliteit te ferbetterjen.
It slyk yn it depot wurdt as it yndrûge is brûkt as lânbougrûn. Der sit fosfaat yn, mar dat is foar de lânbou net slim. As der twa jier mais op ferboud is, is it sels út de grûn.
Yn totaal wurdt der 300.000 kúb bagger út it natuergebiet helle. Dat binne mar leafst 12.000 frachtweinen fol. Mar dan binne de farwegen de kommende fyftjin jier ek klear en de natuergebieten kinne der sels hast fyftich jier wer tsjin. It baggerjen giet troch oant it nije briedseizoen of in froastperioade.