Wientjes: Spoar moat der komme

Foarsitter Wientjes fan wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW wol dat de spoarferbining tusken It Hearrenfean en Grins der komt. Hy neamt dat fan grut belang foar de regio, mar ek foar Nederlân.
De treinferbining is belangryk as it Noarden him better ûntwikkelje wol op it mêd fan enerzjy. Dat kin net sûnder in goede spoarferbining, skriuwt Wientjes yn in brief oan de provinsjes Fryslân en Grinslân en de belutsen gemeenten. Hy fynt dat it spoar betelle wurde moat fan it jild dat brûkt wurde soe foar it Suderseespoar dat net trochgie.