Swimbad Sint-Anne bliuwt noch moannen ticht

Swimbad De Bildtse Slag yn de tiid dat it tydlik ticht wie... © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Swimbad de Bildtse Slag yn Sint-Anne giet nei alle gedachten pas wer yn novimber iepen. Dat hat de direkteur fan it bad, Jelte Dykstra, oan de brûkers meidield. Ein juny drige it dak fan it swimbad yn te stoarten om't der in soad reinwetter op stie. De brânwacht hat doe in gat yn it dak makke om foar te kommen dat it nei ûnderen kaam.
Ut ûndersyk hat bliken dien dat de lizzers net goed mear wienen. Der moat in folslein nij dak op. Wa't foar de kosten opdraait is noch altyd net dúdlik. Swimbad de Bildtse Slag is sûnt dy tiid sletten.