Knineshows yn 'e knipe troch deadlike sykte

It organisearjen fan knineshows rint gefaar troch de komst fan in nije besmetlike sykte. It giet om it RHD2-firus, dat oerwaaid is út Frankryk. Kninen dy't besmet wurde, gean fan it iene op it oare momint dea.
De sykte wurdt oerdroegen troch kontakt tusken kninen, bygelyks by shows. Om foar te kommen dat fokkers dêr net oan meidogge, wurdt besocht om in ynintingsaksje fan de grûn te krijen. Kninehâldersferiening KLF hopet geunstige priisôfspraken te meitsjen mei in fee-arts, omdat in soad kninehâlders it ynintsjen djoer fine.
It faksin kostet likernôch fiif euro foar in knyn. Omdat de measte kninefokkers wol tsientallen kninen hawwe, rint dat aardich yn 'e papieren, ek al omdat de bisten twa kear yn't jier inte wurde moatte. Bosma makket him dêrom soargen oer de gefolgen fan de epidemy foar de kninefokkerij. Guon fokkers hawwe al wite litten dat se net mear meidwaan wolle oan lytsbisteshows, omdat it harren allegearre te djoer wurdt.
De sykte is yntusken al fêststeld by kninen yn De Westereen. Oare bisten en minsken kinne net troffen wurde troch de sykte.