Ryptsjerkers spanne rjochtsaak oan om 65 sintimeter

De brêge by Ryptsjerk dêr't alles om draait © Google Streetview
Fjouwer ynwenners fan Ryptsjerk ha hjoed by de rjochter yn Grins besocht de bou fan in hegere brêge yn har doarp te kearen. De ferheging mei 65 sintimeter moat de brêge oan de Binnendyk ûnderdiel meitsje fan in nije toeristyske farrûte foar elektryske sloepen.
De bewenners binne benaud foar lûdsoerlêst, it ferlies fan privacy en in oantaasting fan it útsicht. Se wolle leaver in beweechbere brêge, mar dat fine gemeente en provinsje te djoer.
De bewenners lykje net folle kâns te meitsjen, alle wizigingen oan de brêge passe yn it bestimmingsplan, sa waard dúdlik yn de rjochtseal. De rjochter docht binnen fjirtjin dagen útspraak.