Tjisse Steenstra keatst tenei yn partoer Van der Bos

Tjisse Steenstra keatst it kommend seizoen by it partoer fan Gert-Anne van der Bos en Taeke Triemstra. Hy ferfangt dêrmei Daniël Iseger, dy't der nei dit seizoen mei ophâldt. Steenstra wurdt achterynse by it partoer fan Van der Bos.
Tjisse Steenstra keatste dit jier mei Herman Sprik en Cornelis Terpstra. Cornelis Terpstra hâldt der ek mei op. Sprik moat no dus op syk nei twa nije maten.
It partoer fan Steenstra waard woansdei twadde op de PC yn Frjentsjer. It partoer fan Van der Bos waard sjoen as it te klopjen partoer, mar ferlear ferrassend yn de earste omloop. Van der Bos-en-dy ha de PC al wol fiif kear wûn.