Baanhurdfytser Jenning Huizenga hâldt dermei op

04 aug 2016 - 08:58

Jenning Huizenga hâldt op as baanhurdfytser. De 32-jierrige Frjentsjerter hat dy kar makke, omdat er syn âlde nivo net mear helje kin. Hy hat de sykte fan Lyme. Huizenga hie sicht op de Olympyske Spelen fan Rio, mar dy hat er net helle. It soe syn tredde Olympyske toernoai west ha.

"Dat is niet gelukt, ondanks de steun vanuit het NOC*NSF en de KNWU. Topsport houdt voor mij in dat je uitzicht hebt om jezelf, je prestatie te verbeteren. Dat uitzicht heb ik niet meer" seit Huizenga tsjin de NOS. "Het blijkt lastig om van Lyme af te komen, hoewel ik al negen maanden antibiotica gebruik, laat staan dit gevecht te combineren met topsport."

By de Spelen fan 2008 yn Peking wie Huizenga ien fan de favoriten op de yndividuele efterfolging. By it wrâldkampioenskip yn datselde jier wie er twadde wurden, achter Bradley Wiggins. Mar de Spelen mislearren. Huizenga waard lêste, en waard yn de jierren dêrnei pleage troch blessueres.

"In het boek 'De elementen' schreef Harry Mulisch "Wat je wil zijn, ben je niet". Deze mooie zin heb ik altijd onthouden. Nu kan ik daar zelf aan toevoegen " Wat je was, ben je niet". Ik was baanwielrenner. Helaas kan ik dat niet meer zijn door de ziekte van Lyme", seit Huizenga.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)