Hieltyd minder bern leare goed te swimmen

04 aug 2016 - 08:13

Hieltyd minder bern gean foar swimdiploma C. Dat docht bliken út sifers fan sportkoepel BV Sport. In grut part fan de bern út Ljouwert en omkriten giet noch wol op swimles, mar trijekwart hâldt dêr nei it heljen fan it B-diploma mei op. It tal bern dat trochgiet foar C is de lêste fiif jier mei mar leafst tsien persint weromrûn, nei noch mar 15 persint.

Dat is soarchlik, seit René van Noort fan de BV Sport, want eins ha je pas nei it beheljen fan it C-diploma foldwaande swimfeardigens. "Het is niet voor niets een zwem-A-B-C. Als je dat niet compleet hebt, ben je niet zwemveilig."

It belang fan it C-diploma

Wêrom't âlden sa gau ophâlde mei de swimles foar de bern, dat is net dúdlik. It kin wêze dat der in finansjele oarsaak is, mar it kin likegoed wêze dat se har nocht der fan ha om de bern alle wiken nei it swimbad te bringen, en dêr dan in oere te wachtsjen. Se ha blykber net yn de gaten wat it belang is fan it C-diploma, seit Van Noort. Eartiids wie der ek allinne mar A en B, "maar bij C leer je jezelf redden in moeilijkere situaties. Je leert specifieke vaardigheden voor lastigere situaties. Die komen niet alleen van pas bij het zwemmen in buitenwater, maar ook bijvoorbeeld bij wildwaterbanen die je ziet in zwemparadijzen."

Acht deadlike slachtoffers

Earder dizze wike utere de rêdingsbrigade har soargen oer it tanimmend tal minsken dat omkomt by it swimmen yn iepen wetter. Gemiddeld wiene dat de ôfrûne jierren acht it jier. Safolle slachtoffers binne der dit jier ek al fallen, en it jier is noch net foarby. De rêdingsbrigade freest dat der yn de rin fan it jier noch mear minsken ferdrinke sille.

Neffens de NOS koene fiif fan de acht minsken net goed swimme. Direkteur Raymond van Mourik fan de rêdingsbrigade neamt ôfnimmende swimfeardigens as in belangrike oarsaak fan de taname fan it tal ferdrinkingen. "Het aantal diploma's dat met name kinderen halen gaat heel hard achteruit", sei Van Mourik earder dizze wike. "Helaas zijn er onder de slachtoffers ook relatief veel kinderen. Daarom vinden we dat schoolzwemmen weer moet worden ingevoerd." Trije fan de acht slachtoffers wiene bern.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)