FIDEO: Huldiging fan de PC-winners

Yn in grôtfolle feesttinte yn Frjentsjer binne woansdei de winners fan de 163e PC huldige. Kening Hans Wassenaar, Renze Pieter Hiemstra en Jan Dirk de Groot krigen dêr de blommen, sjampanje en in bierdûs. Loko-boargemaster Henk Deinum fan Ljouwert wie derby om de nije kening yn it sintsje te setten.
Gewoanwei wurde de winners huldige by de keatsferiening yn it doarp of stêd fan de kening. Mar om't de measte keatsfans dochs al yn Frjentsjer binne, hat it winnende partoer besletten it feest dêr fierder te fieren.