SC Hearrenfean set gearwurking mei TopSportLab troch

03 aug 2016 - 20:47

TopSportsLab en SC Hearenfean hawwe harren gearwurking mei trije jier ferlinge. It Belgyske bedriuw hat in programma ûntwikkele om de prestaasjes fan sporters te mjitten. Ek kin de software brûkt wurde om blessueres foar te kommen of om risikofaktoaren yn kaart te bringen.

Sa kinne trainingen oanpast wurde oan de spiler en kin oerbelêsting fan gefoelige sônes foarkaam wurde. It systeem is basearre op de resultaten fan jierrenlang wittenskiplik ûndersyk.

De ôfrûne jierren wurken Hearrenfean en it bedriuw al gear. Dit sil de kommende trije jier noch yntinsiver wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)