Bewenster senioareflat Ljouwert ferwûne nei ynsidint

03 aug 2016 - 17:24

In bewenster fan in senioareflat oan it Europaplein yn Ljouwert is woansdeitemiddei ferwûne rekke yn har appartemint. Wat der krekt bard is, kin de plysje noch net sizze. Wol soe der in ûnbekende man by it ynsidint belutsen wêze.

De plysje hat yn in Burgernetoprop minsken frege út te sjen nei dizze man. It giet om in tinte man mei in swarte jas oan en blauwe broek. De man is noch net fûn.

De frou is oerbrocht nei it sikehûs, hoe't se der oan ta is is net bekend. De plysje docht ûndersyk nei wat der krekt gebeurd is. De frou moat noch heard wurde.

Trefwurden: 
Europaplein Ljouwert ynsidint
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)