Partoeren Steenstra en De Groot yn finale PC

03 aug 2016 - 17:13

De partoeren fan Tjisse Steenstra en Jan Dirk de Groot stean yn de finale fan de 163e PC. Op it Sjûkelân yn Frjentsjer wûnen Tjisse Steenstra, Herman Sprik en Cornelis Terpstra mei 5-5 en 6-4 fan Bauke Triemstra, Dylan Drent en Patrick Scheepstra.

Jan Dirk de Groot, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar wiene mei 5-0 en 6-6 te sterk foar Hendrik Tolsma, Jacob Klaas Haitsma en Jan Schurer.

Van der Bos-en-dy

It partoer Van der Bos, dat dit jier favoryt wie foar de winst op de PC, is der yn de earste omloop útflein. Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger ferlearen mei 5-3, 6-6 fan Bauke Triemstra, Dylan Drent en Patrick Scheepstra. Ferline jier wûn it partoer fan Gert-Anne Van der Bos de PC.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)