Marriët Hoekstra wint Grutte Priis Bûtenpost

03 aug 2016 - 16:14

De barraazje fan de Grutte Priis fan Bûtenpost is wûn troch Marriët Hoekstra fan Mildaam mei it hynder U-bresco Z. De twadde priis wie foar Susanne Tepper út it Grinslanner Holwierde mei it hynder Dyango. Jur Vrieling, ek út Holwierde, waard tredde mei it hynder Corporal CDL. Foar Jur Vrieling wie dit de útswaaiwedstriid foardat er nei de Olympyske Spelen yn Rio giet.

Bysûnder wie dat Johannes Pijnakker en Marriët Hoekstra harren mei trije hynders foar de finale pleatsten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)