Earnewâld wint fjirde SKS-wedstriid

Earnewâld hat woansdei de winst pakt by it SKS skûtsjesilen. Op de Snitser Mar by Terherne naam skipper Gerhard Pietersma fan it skûtsje fan Earnewâld al gau de lieding, folge troch Akkrum en Wâldsein. De hurde wyn soarge foar in moaie wedstriid, dy't dus wûn waard troch Earnewâld. Akkrum einige úteinlik as twadde, krekt foar titelferdigener De Jouwer.
Op it skûtsje fan Wâldsein die skipper Teake Klaas van der Meulen wer mei. Hy miste de earste trije wedstriden fanwegen famyljeomstannichheden. Dat er der wer by wie die fertuten, want mei Van der Meulen waard Wâldsein fjirde.
"Us wetter"
"Sa, de earste ha wy te pakken", sa seit de blide skipper Gerhard Pietersma fan it skûtsje fan Earnewâld. It wetter op de Snitser Mar leit him en syn bemanning goed. "Dit is ús wetter. Wy binne hjir opgroeid. Wy ha hjir altyd syld en wy traine hjir in soad", seit de Snitser Pietersma.
De hurde wyn fan woansdei soarge by Pietersma net foar problemen. Sy koene der bêst mei út de fuotten: "Dizze wyn is hartstikke leuk! Wy wisten net wy dit ek koene."
1. Earnewâld
2. Akkrum
3. De Jouwer
4. Wâldsein
5. Drachten
6. Snits
7. De Lemmer
8. De Súdwesthoeke
9. Grou
10. It Hearrenfean
11. Langwar
12. D'Halve Maen
13. Ljouwert
14. Huzum
Al it nijs oer it skûtsjesilen is te finen yn ús skûtsjedossier. Sjoch foar de folsleine útslach en it klassemint op de skûtsjeside.