PETA: 'Waadorka' Morgan moat werom de see yn

03 aug 2016 - 15:18

Der wurdt opnij in aksje hâlden foar orka Morgan, dy't yn de simmer fan 2010 fûn waard op it Waad. It ferswakke bist waard oerbrocht nei it Dolfinarium yn Harderwijk en dêrnei nei in seebistepark op Tenerife. De aksjegroep PETA, dy't striid foar in goeie behanneling fan bisten, fynt it bistepark gjin goed plak foar Morgan. De aksjegroep ropt dêrom op in berjocht te stjoeren nei de Spaanske regearing, yn de hoop dat dy der foar soarget dat de orka werom set wurdt yn see.

Earder waarden der ek al aksjes foar Morgan hâlden, ûnder oare om foar te kommen dat se nei Tenerife brocht waard.

Trefwurden: 
orka Morgan PETA
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)