"Postservicepunten yn de winkel kinne finansjeel net út"

03 aug 2016 - 11:48

PostNL moat de ferleging fan de fergoeding foar winkellju mei in postservicepunt werom draaie. Dat is de ynset fan in koart pleit fan brânzjeorganisaasje VVP tsjin PostNL.

It postbedriuw hat de fergoeding foar winkellju mei in servicepunt tusken de 25 en 40 persint ferlege. It wie 30 sint per klant en dat wurdt no sa'n 20 sint. Dat skeelt de ûndernimmers somtiden tûzenen euro's oan ynkomsten.

Benammen de lytsere winkels stean no foar it dilemma of se wol as net mei it servicepunt trochgean wolle. Der komme troch it servicepunt ekstra klanten yn de winkel en benammen yn de doarpen fine winkellju it punt wichtich foar de leefberens. Mar mei de ferleging fan de fergoeding kin it foar guon winkellju finansjeel net langer út.

Trefwurden: 
postservicepunt PostNL VVP
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)