Friezen keapje leaver in occasion as in nije auto

02 aug 2016 - 20:07

It giet dizze simmer net goed mei de ferkeap fan nije auto's oan partikulieren. Neffens sifers fan brânsj-organisaasje BOVAG binne yn july dit jier 7,5 persint minder nije auto's ferkocht as ferline jier yn deselde perioade.

De measte partikulieren keapje neffens de BOVAG folle leaver in saneamde 'jonge occasion', in healsliten auto fan in pear jier âld, want dy binne in stik goedkeaper. De ferkeap fan occasions groeide yn july mei 5,6 persint yn fergeliking mei ferline jier.

Promininter plak yn showroom

Ek by Auto Haaima yn Ljouwert kinne se goed fernimme dat der mear occasions as nije auto's ferkocht wurde. De garaazje hat dêrom besletten om de occasions in promininter plak yn de showroom te jaan en der binne mear garaazjes yn Fryslân dy't dat dien hawwe.

Foar direkteur Arne Brouwers fan Auto Haaima is de legere ferkeap fan nije auto's gjin ferrassing. De garaazje hat yn de lêste moannen fan ferline jier in soad ekstra auto's ferkocht, omdat dat doe - by guon types - fiskaal geunstich wie.

Volkswagen it populêrst

De meast ferkochte automerken yn de ôfrûne moanne wiene - yn dy folchoarder - Volkswagen, Renault, Open, Peugeot en Ford, mar ek fan dy merken waarden minder auto's ferkocht as ferline jier. De BOVAG ferwachtet dat oer hiel 2016 de ferkeap útkomme sil op 400.000 nije auto's. Dat binne der 50.000 minder as yn 2015.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)