Húsdokter stipet Sionsberg: "Soarchferliening ferrint goed"

02 aug 2016 - 22:44

Húsdokter Theo Franck fan Huisartsencentrum Dokkum herkent de krityk fan soarchfersekerder De Friesland op sikehûs Sionsberg net. Neffens Franck is de kwaliteit fan de soarch fan it sikehûs goed yn oarder. Huisartsencentrum Dokkum sit njonken it sikehûs en ferwiist pasjinten út de praktyk troch nei it sikehûs, wêrtroch't er nau belutsen is by Sionsberg.

Hy begrypt dan ek net wêrom't De Friesland moandei it kontrakt mei Sionsberg opsei. Foar Franck kaam dit dan ek as in folsleine ferrassing.

En net in positive ferrassing, want hy fynt boppe alles dat de sikesoarch yn it noardeasten fan Fryslân garandearre wurde moat.

Bestjoerlik probleem

Nettsjinsteande de problemen by Sionsberg sjocht Franck de takomst fan it sikehûs posityf yn. Fanwegen de goede kwaliteit is it sikehûs neffens him takomstbestindich.

It probleem tusken De Friesland en Sionsberg moat dan ek foaral sjoen wurde as in bestjoerlik probleem en net as in probleem oer de kwaliteit fan de soarch, tinkt Franck.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)