Roemeenske skimmers pakt

02 maaie 2012 - 10:51

Yn Snits binne twa Roemeenske manlju oanhâlden fanwege skimming by in tankstasjon oan de Worp Tjaardastrjitte. Snein waard ûntdutsen dat by in betelautomaat by de pomp apparatuer oanbrocht wie om de magneetstrip fan pinpassen mei de kopiearjen.

Yn oerlis mei de plysje waard besletten de apparatuer sitte te litten, mar wol út te setten. Tiisdei giene twa Roemenen mei de apparatuer oan de slach. Doe't se klear wiene, rieden se fuort. De plysje hat se flak dêrnei oanhâlden. Se sitte fêst.

Skimmers kopiearje de magneetstrip fan de pinpas mei help fan in opsetstik op de betel- of pinautomaat. Dêrnei besykje de kriminelen achter de pinkoade te kommen. Se meitsje in kopy fan de pas en kinne dan dêrmei yn binnen- en bûtenlân jild opnimme fan de bankrekken fan it slachtoffer. Pinners moatte der goed om tinke dat der gjin opsetstik op de pinautomaat set is op it plak dêr't it paske yn stutsen wurde moat.

Trefwurden: 
Roemenen skimme
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)