Oerlêst troch sprongen wetterlieding

02 aug 2016 - 14:03

In sprongen wetterlieding hat foar oerlêst soarge yn in appartemint oan de Stationswei op 'e Gordyk. Hoe't de lieding springe koe is noch net dúdlik. In glêzewasker dy't yn 'e buert wie hat it wetter ôfsletten. De brânwacht hat dêrnei de âldere bewenster holpen de boel drûch te meitsjen. It wachtsjen is no noch op in monteur dy't de sprongen lieding makket.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)