Sportsaak Haico Bouma wer bestellen

02 aug 2016 - 12:01

Foar de twadde kear yn seis wiken tiid is der ynbrutsen yn de sportsaak fan Haico Bouma yn Aldehaske. De dieven kamen beide kearen fia it dak de saak yn. Dêrtroch ûntstie flinke skea. Oan guod waard der net in soad weardefols meinaam. Dat komt benammen omdat Bouma de twadde ynbraak oankommen seach.

Ferline wike melde him in fertocht persoan yn de winkel, dêrop helle Bouma alle djoere merken fuort. Bouma tinkt dat it om in binde giet, dy't út is op Amerikaanske merken en ek op oare plakken aktyf is.

Hy hat yntusken de befeiliging fan syn winkel oanskerpe.

Trefwurden: 
stellerij Haico Bouma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)