Mishanneling yn jeugdopfang
In jonge fan 17 jier út Drachten is tiisdei yn Ljouwert oppakt fanwege mishanneling en bedriging. De jonge hie yn in ynstelling foar jeugdopfang in 16-jierrich famke mishannele en it personiel bedrige.
It personiel skeakele de plysje yn. Dy hat de jonge fêstset op it buro. It personiel hat oanjefte dien tsjin de jonge.